dcsimg

Rûnwjirms ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src=
Rûnwjirm dy’t in soartgenoat opyt
Fideo-opname fan it wyldtype fan Caenorhabditis elegans (hermafrodiet)
 src=
It gean fan it wildtype fan Caenorhabditis elegans

Rûnwjirms (Nematoda) binne in grutte groep (stamme) fan hiel algemien foarkommende wjirms. Der binne mear as 25.000 beskreaune soarten. Ek de ieltsjes hearre by de nematoaden. Nematology is de wittenskip dy’t de nematoaden bestudearret. De term nematoda komt út it Gryksk en betsjut triedderich.

In soad nematoaden libje yn de boaiem fan deade organyske stof. Oare soarten libje as parasyt en feroarsaakje plantesykten lykas ierdappelwurgens of sitte yn it termkanaal fan sûchdieren lykas de spielwjirms of de earsmaaitslearswjirmkes en wurde yn it lêste gefal dan faak as triedwjirm oantsjut.

Guon nematoaden kinne wol 8 meter lang wurde,[1][2] mar de measte nematoaden binne mei it bleate each net te sjen. Se binne dan op syn heechst 1 mm lang en tige smel. De kante meter boaiem kinne wol in miljoen ieltsjes yn libje. Se komme rûnom foar.

Ieltsjes wurde ek tapast as natuerlike fijannen fan pleachynsekten of bleatslakken.

Ieltsjes kinne oantaast wurde troch ûnder oare nematofage skimmels, firussen, sporozoën, amoeben, siliaten, tardigraden, kolemboalen, oligochaeten en baktearjes.[3]

De soart Caenorhabditis elegans wurdt brûkt as modelorganisme. It wie de earste mearsellige eukaryoat dêr’t it genoom folslein fan yn kaart brocht waard.[4]

Lichemsbou

Rûnwjirms binne net-segmintearre, twasidich symmetryske, oermûnige dieren mei in folslein spysfertarringsstelsel. Se hearre dêrmei ta de meast ienfâldige bisten dy’t dochs in folslein fertarringsstelsel hawwe. Se ha gjin hert- en ierstels of azemstelsel en binne dus oanwiisd op diffúzje om soerstof yn te krijen en te transportearjen.[5]

De dwerstrochsnee fan rûnwjirms is rûn. De lichemsholte is in pseudokoeloam dêr’t focht yn sit, dat helpt om fiedingsstoffen en soerstof te fersprieden. Harren hûd is bedekt mei in kutikulum dat tsjin útdrûgjen beskermet. Hoewol’t dat kutikulum beweging en beheinde foarmferoarings tastiet groeit it net mei en rûnwjirms moatte dan ek as se groeie geregeldwei ferfelje.

Rûnwjirms hawwe in simpel senuwstelsel dat út twa banen bestiet. De senuwbaan oan de rêchkant is grutter as dy oan de búkkant. De stringen wurde oan de foarkant en inkeld ek rjochting útein meielkoar ferbûn troch dwersferbinings.[6]

De measte rûnwjirms ite baktearjes, skimmels en protozoa. Rûnwjirms dy’t selsstannich libje binne foar in grut part allinnich troch in mikroskoop te sjen, mar parasitêre rûnwjirms kinne folle grutter wurde.

Taksonomy

Oer de systematyk fan de Nematoaden bestiet gjin konsensus. De hjir presintearre yndieliing yn twa klassen is de meast tradysjonele[7]. Neffens molekulêr genetysk ûndersyk[8][9] binne der fjouwer kladen. De klasse Adenophorea is gjin monofyletyske groep. De klasse Secernentea foarmet wol in natuerlike groep mei in mienskiplike foarâlder, mar de ferdieling yn ûnderklassen wurdt oer diskusjearre. Yn it kladogram hjirûnder wurdt dy klasse yn trije kladen splist, wêrby’t wer ien klade út twa subkladen bestiet. Hjir blykt dat groepen út it skift Rhabditida oer dize beide subkladen ferdield binne, dus foarmet dat skift gjin monofeltyske groep.

De famyljes út it skift Camallanida wurde no meast beskôge as famyljes út it skift Spirurida.

Klassike yndieling

Boarnen

  • Atkinson, H.J. (1973). The Respiratory Physiology of the Marine Nematodes "Enoplus brevis" (Bastian) and "E. communis" (Bastian): I. The Influence of Oxygen Tension and Body Size. J. Exp. Biol. 59(1): 255-266. PDF fulltext
  • White, J.G.; Southgate, Eileen; Thomson, J.n. & Brenner, S. (1976)). The Structure of the Ventral Nerve Cord of "Caenorhabditis elegans". Phil. Trans. Roy. Soc. B 275(938): 327-348. PDF fulltext

Eksterne links

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Rûnwjirms: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src= Rûnwjirm dy’t in soartgenoat opyt Fideo-opname fan it wyldtype fan Caenorhabditis elegans (hermafrodiet)  src= It gean fan it wildtype fan Caenorhabditis elegans

Rûnwjirms (Nematoda) binne in grutte groep (stamme) fan hiel algemien foarkommende wjirms. Der binne mear as 25.000 beskreaune soarten. Ek de ieltsjes hearre by de nematoaden. Nematology is de wittenskip dy’t de nematoaden bestudearret. De term nematoda komt út it Gryksk en betsjut triedderich.

In soad nematoaden libje yn de boaiem fan deade organyske stof. Oare soarten libje as parasyt en feroarsaakje plantesykten lykas ierdappelwurgens of sitte yn it termkanaal fan sûchdieren lykas de spielwjirms of de earsmaaitslearswjirmkes en wurde yn it lêste gefal dan faak as triedwjirm oantsjut.

Guon nematoaden kinne wol 8 meter lang wurde, mar de measte nematoaden binne mei it bleate each net te sjen. Se binne dan op syn heechst 1 mm lang en tige smel. De kante meter boaiem kinne wol in miljoen ieltsjes yn libje. Se komme rûnom foar.

Ieltsjes wurde ek tapast as natuerlike fijannen fan pleachynsekten of bleatslakken.

Ieltsjes kinne oantaast wurde troch ûnder oare nematofage skimmels, firussen, sporozoën, amoeben, siliaten, tardigraden, kolemboalen, oligochaeten en baktearjes.

De soart Caenorhabditis elegans wurdt brûkt as modelorganisme. It wie de earste mearsellige eukaryoat dêr’t it genoom folslein fan yn kaart brocht waard.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren