dcsimg
Image of shortnose chimaeras
Life » » Animals » » Vertebrates »

Cartilaginous Fishes

Chondrichthyes

Kreakbienfisken ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De kreakbienfisken (Latynske namme: Chondrichthyes) foarmje in klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) en de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata). De wittenskiplike namme fan dizze taksonomyske groep komt fan it Grykske χονδρ, chondr-, dat "kreakbien" betsjut, en ἰχθύς, ichthys, dat "fisk" betsjut.

Skaaimerken

Kreakbienfisken binne fisken mei kaken, dy't oer yn pearen foarkommende finnen beskikke. Har hûd is oerdutsen mei tige fine skobkes, en wurdt yn beskate minsklike kultueren wol brûkt om hout en oare materialen mei te skjirjen. Fierders sykhelje kreakbienfisken troch kiuwen. Se ûnderskiede har fan 'e bienfiskeftigen (Osteichthyes), de oare grutte fiskegroep, trochdat har skelet folslein út kreakbien bestiet ynstee fan út bien.

 src=

Ferdieling

De klasse fan 'e kreakbienfisken falt útinoar yn twa ûnderklassen: dy fan 'e seekateftigen (Holocephali), mei as iennichste noch libbene groep de seekatten (Chimaeriformes), en dy fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), dêr't, sa't de namme al oanjout, de haaien (Selachii of Selachimorpha) en de roggen (Batoidea) ta hearre.

Under de haaien binne guon fan 'e grutste seerôfdieren dy't noch besteane, lykas de minskehaai of wite haai (Carcharodon carcharias), de tigerhaai (Galeocerdo cuvier) en de bollehaai of Sambezyhaai (Carcharhinus leucas). Dizze soarten meitsje elts jier wol inkele deadlike slachtoffers ûnder minsklike swimmers en wettersporters. Megalodon, in útstoarne haaiesoarte út it Senozoïkum dy't yn alle oseanen foarkaam, koe 20⅓ m lang wurde en wie nei alle gedachten it grutste seerôfdier út 'e skiednis fan 'e wringedieren. De grutste rôfhaai fan hjoed de dei is de minskehaai, dy't in lingte fan likernôch 6 m berikke kin. Oare haaien binne krekt foar minsken folslein ûngefaarlike wetterfilterders, dy't soöplankton út it seewetter seve en hielendal gjin gebit hawwe. Foarbylden dêrfan binne de reuzehaai (Cetorhinus maximus) en de walfiskhaai (Rhincodon typus), de grutste fisk fan 'e wrâld, dy't wol 16 m lang wurde kin. Roggen kinne omskreaun wurde as ôfplatte haaien, dy't op 'e seeboaiem libje. Ek dy binne net ûngefaarlik foar minsken, mei't se faak in gemien skerpe stikel oan 'e sturt hawwe.

Klassifikaasje

 src=
In walfiskhaai, de grutste libbene fiskesoarte.
 src=
In artistike ympresje fan 'e útstoarne megalodon, de grutste rôfhaaiesoarte ea, mei in lingte fan goed 20 m.

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Kreakbienfisken: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De kreakbienfisken (Latynske namme: Chondrichthyes) foarmje in klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) en de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata). De wittenskiplike namme fan dizze taksonomyske groep komt fan it Grykske χονδρ, chondr-, dat "kreakbien" betsjut, en ἰχθύς, ichthys, dat "fisk" betsjut.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren