dcsimg

Kalifornyske reade wrotmûs ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De Kalifornyske reade wrotmûs (Latynske namme: Myodes californicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e reade wrotmûzen (Myodes), dat foarkomt yn 'e westlike Feriene Steaten, yn 'e steaten Kalifornje en Oregon. Dizze soarte is nau besibbe oan 'e noardlike reade wrotmûs (Myodes gapperi), mar dy is readiger fan kleur, mei in dúdliker twakleurige sturt. Synonimen foar de Myodes californicus binne Clethrionomys californicus, Myodes mazama en Myodes obscurus.

Uterlike skaaimerken

De Kalifornyske reade wrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 6½-13⅔ sm, mei in sturtlingte fan sa'n 3-6½ sm en in trochsneed gewicht fan om 'e 20 g hinne. De rêch is kastanjebrún of brunich mei frijwat swarte hierren. Dy kleur giet stadich oer yn in gielich wite bealch. Oer de wringe rint in ûndúdlike readige streek.

Hâlden en dragen

De Kalifornyske reade wrotmûs libbet benammentlik yn nullewâlden, dêr't ûnder de grûn in yngewikkeld gongestelsel oanleit. Syn fretten bestiet hast útslutend út 'e fruchtdielen fan 'e Mycorrhiza-skimmels. Dit is in foarbyld fan in trijefâldige symbioatyske relaasje: de skimmel kin bestean troch de produkten fan fotosynteze dy't er ûntlûkt oan 'e nullebeam; de nullebeammen hawwe baat by de fiedingsstoffen dy't produsearre wurde troch de skimmel en biede beskutting oan 'e wrotmûs; de wrotmûs yt de fruchtdielen fan 'e skimmel; de skimmel ferspriedt syn ûndergrûnsk groeiende spoaren fia de kjitte fan 'e wrotmûs. By ûndersyk is fêststeld dat yn kappe bosklân dêr't al it deade hout ferwidere wurdt, de Mycorrhiza net mear fruchtdraacht, de Kalifornyske reade wrotmûs útstjert en nije nullebeammen net mear goed groeie wolle.

Foar Kalifornyske reade wrotmûzen falt de peartiid heger yn 'e Cascades fan febrewaris oant novimber, wylst se har bewesten dat berchtme it hiele jier rûn fuortplantsje. De draachtiid duorret likernôch 18 dagen, wêrnei't der 2-7 jonger per nêst smiten wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Kalifornyske reade wrotmûs: Brief Summary ( Western Frisian )