dcsimg

Foarjiersblaujurkje ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

It Foarjiersblaujurkje (Celastrina argiolus ladon) is in flintersoarte yn it skaai fan de Celastrina.

Foarkommen

It Foarjiersblaujurkje komt foar yn hiel Amearika. Ek komt de flinter foar yn Kanada en yn it suden, bygelyks yn Kolombia en Meksiko. Se hâlde fan wiete gebieten mei beammen. Se komme faak foar oan de râne fan in bosk.

Flinter

De wjuklingte is ûngefear 24 mm. De foarjier generaasje is ljochtblau en de simmer generaasje is wyt fan kleur. Yn it foarjier hat it wyfke oan de úteinen fan de wjukken swarte rântsjes. De flinter hellet faak nektar út de sideplant, de brem en wylde liguster.

Fleantiid

De flinter fljocht yn ferskillende generaasjes troch. Se fleane fan jannewaris oant oktober. Hoe noardliker hoe minder faak dat der ferskillende generaasjes binne. Ek is de fleantiid dan minder lang.

Rûp

De rûp fret fan in soad ferskillende weardplanten.

Sjoch ek

Keppeling om utens

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Foarjiersblaujurkje: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

It Foarjiersblaujurkje (Celastrina argiolus ladon) is in flintersoarte yn it skaai fan de Celastrina.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren