dcsimg

Stienmurd ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De stienmurd (Latynske namme: Martes foina), ek wol bekend ûnder de hollanistyke beneaming "stienmarter", is in sûchdier út 'e famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), dat ek yn Fryslân foarkomt. Hy moat net betize wurde mei de nau besibbe beamotter, dêr't er in protte op liket.

Fersprieding

De stienmurd komt yn hast hiele Jeropa foar, útsien Yslân, de Britske Eilannen, it Skandinavysk Skiereilân, Finlân, it grutste part fan Estlân, noardlik en sintraal Ruslân en de eilannen yn 'e Middellânske See, al besteane der wol populaasjes stienmurden op Korsika, de Baleären en de Grykske eilannen Kreta, Roados en Korfû. Bûten Jeropa is er lânseigen yn grutte parten fan Lyts-Aazje, westlik Syrje, Libanon en Israel (útsein de Negev-woastyn), en fierders yn parten fan Irak, Iraan, Sintraal-Aazje, Afganistan, Pakistan, de Himalaya, Sina, Mongoalje en it Súdsibearyske Altaiberchtme.

Uterlike skaaimerken

 src=
Fersprieding fan 'e stienmurd.

De stienmurd hat in brune pels mei in wite oant krêmkleurige bef op 'e kiel. In dûnkere streek spjaltet dy bef midstwa. By de Kretinzyske ûndersoarte sit der mar in lyts griis plakje op 'e kiel. Troch dizze bef kin de stienmurd ûnderskaat wurde fan 'e beamotter, dy't krekt sa'n soarte plak op 'e strôt hat, mar wêrby't dat net wyt mar gielich oant oranje is. Oare ferskillen binne de minder behierre fuotsoallen, de smellere earen en de bredere, koartere snút fan 'e stienmurd. Boppedat is de stienmurd lûdroftiger as de beamotter.

De kop-romplingte fan in folwoeksen stienmurd is trochinoar 37-52 sm en de sturtlingte 20-30 sm. De bisten wurde yn trochsneed in 12 sm heech en weagje 0,7-2,1 kg. Mantsjes binne dúdlik grutter en swierder as wyfkes.

Biotoop

Stienmurden libje benammen yn leafbosken, oan wâldsiggen en op iepen rotsheuvels. Yn 'e Alpen kinne se oant fier boppe de beamgrins foarkomme, oant op 2400 m hichte. It is in opportunist dy't him maklik oanpast oan de omstannichheden en yn tichter befolke streken hâldt er dan ek almar mear deunby de minske ta, yn 'e omkriten fan doarpen en pleatsen. It komt sels wol foar dat er yn bewenne huzen ynbrekt en himsels nei wenjen set op souders, yn stâlen, skuorren of hokken en sels wol yn auto's, ûnder de moterkape. Bytiden graaft er ek wol in hoale yn 'e grûn.

Hâlden en dragen

 src=
In nêst stienmurdejongen.

De stienmurd libbet meastentiids solitêr, al jaget er yn doarpen inkeld wol yn lytse groepkes fan fjouwer oant fiif bisten. Sokke troepsgenoaten hawwe in behindiger territoarium as dat foar stienmurden wenst is. Normaal beslacht in territoarium, ôfhinklik fan it lânskipstype, tusken 50 en 700 ha. In stienmurd kin 10-15 km yn ien nacht ôflizze, al komt er yn trochsneed net fierder as sa'n 5 km foar mantsjes en 3 km foar wyfkes.

De peartiid falt yn 'e simmer, fan juny oant augustus. De draachtiid duorret mar in moanne, mar troch in ferlinge draachtiid fan hast acht moanne wurde de jongen pas yn maart of april fan it foljende jier smiten. De stienmurd krijt meastentiids 3-4 jongen, mar 1-8 jongen de smeet is ek mooglik. Stienmurdejongen binne by de berte blyn. De mem fersoarget harren allinnich; it mantsje lit him net wer sjen. De sûchtiid duorret 8 wiken en de jongen ferlitte it nêst nei 8-10 wiken. Stienmurden binne nei ien oant twa jier geslachtsryp. Se wurde oant 18 jier âld yn finzenskip, mar helje yn it wyld op syn heechsten 10 jier.

Fretten

De stienmurd is meast in fleisiter. Mûzen, rotten, wrotmûzen, iikhoarntsjes, kninejongen, kikkerts, hagedissen, ynsekten en wjirms. steane by him op it menu. Ek fret er wol boskfruchten, fûgels en aaien. Oars as de measte oare rôfdieren fret de stienmurd, fral winterdeis, ek wol pipermûzen. Op guon plakken fret er krekt benammentlik fruchten, ynsekten en ies. De stienmurd hat der ek gjin muoite mei om hinnen en oar plomfee binnen koarte tiid út harren hokken en lopen te jeien, ta argewaasje fan (hobby)plomfeehâlders. In bút fan 5-10 hinnen nachts is net ûngewoan. By wize fan it oanlizzen fan foarrieden kinne stienmurden neitiid de kadavers fan harren slachtoffers nei de meast ûnmooglike plakken slepe, lykas op dakken en oer stekken.

Status

 src=
In opsette stienmurd.

De stienmurd hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der wrâldwiid gjin kâns op útstjerren bestiet. Yn Nederlân en Belgje is er wetlik beskerme, mar yn in protte oare lannen, bgl. Dútslân en Denemark, mei er noch wol bejage wurde. Sûnt er syn beskerme status krigen hat, is de populaasje stienmurden yn Nederlân in bytsje groeid, wat fral te tankjen is oan 'e fergrutting fan syn areaal troch it ynstellen fan ekologyske ferbiningssônes.

In soad minsken kleie lykwols stien en bien, mei't de stienmurd nochal wat skea oanrjochtet. Benammen ûnder de moterkape fan in auto kin er in ferskuorrend soad ferrinnewearje oan betriedding en isolaasjeateriaal. De dieders binne fral jonge bisten, dy't de betriedding trochbite om 'e ytberens derfan út te probearjen. Faak binne dêrby auto's fan Japanske makkelei it doelwyt, mei't dêryn bûzjykeabels brûkt wurde dêr't fiskoalje yn ferwurke sit. Folwoeksen bisten witte ornaris better en litte de triedden gewurde. Behalven oer skea kleie in protte lju ek oer stank- en lawaai-oerlêst.

Opsomming fan ûndersoarten

Der binne 11 (stân fan saken fan 2005) erkende ûndersoarten fan 'e stienmurd:

  • de Balkanstienmurd (Martes foina bosniaca)
  • de gewoane of Jeropeeske stienmurd (Martes foina foina)
  • de Ibearyske stienmurd (Martes foina mediterranea)
  • de Kaukazyske stienmurd (Martes foina nehringi)
  • de Kretinzyske stienmurd (Martes foina bunites)
  • de Krimstienmurd (Martes foina rosanowi)
  • de Lhasastienmurd (Martes foina toufoeus)
  • de Rodinzyske stienmurd (Martes foina milleri)
  • de Sintraalaziatyske stienmurd (Martes foina intermedia)
  • de Syryske stienmurd (Martes foina Syriaca)
  • de Tibetaanske stienmurd (Martes foina kozlovi)

Ferskaat

It bist spilet de haadrol yn 'e roman Floere, het Fluwijn fan Ernest Claes.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Stienmurd: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De stienmurd (Latynske namme: Martes foina), ek wol bekend ûnder de hollanistyke beneaming "stienmarter", is in sûchdier út 'e famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), dat ek yn Fryslân foarkomt. Hy moat net betize wurde mei de nau besibbe beamotter, dêr't er in protte op liket.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren