dcsimg

Swannepopel ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src=
swannepopel
 src=
blom fan de swannepopel

De swannepopel (Butomus umbellatus) ek: stuoltsjeblom, kankerblom, en faak foutyf swanneblom neamd (de swanneblom) is de Nederlânske waterlelie), is in moerasplant mei rôze blommen yn de swannepopelfamylje. It is de ienige plantesoarte yn dizze famylje. De plant is yn Fryslân en Nederlân wetlik beskerme. De blom hjit swannepopel omdat de stampers in foarm hawwe dy't sterk liket op sierlike swantjes. De seis stampers hawwe oan de foet nektarklieren.

It feit dat de swannepopel yn Nederlân wetlik beskerme is, betsjut net dat de plant seldsum is, krekt oarsom, op de klaaigebieten yn Nederlân is hy algemien. De plant groeit faak yn sleatten dy't jierliks skjinmakke wurde. Hy hat der net sa bot fan te lijen omdat dizze skjinmakbeurten syn leefmiljeu yn stân hâlde. De swannepopel groeit yn fiedselryk wetter. Wannear't de plant opûkt mids ferskate seldsume planten yn relatyf fiedselearm wetter, is dat it teken dat it wetter fiedselryk oan it wurden is en dat de fynpriuwers út soksoarte miljeu ferdwinen gean sille.

De swanneblom wurdt in soad besocht troch graafwespen.

As eksoat is de swannepopel yntrodusearre yn de Feriene Steaten fan Amearika, dêr wurdt dizze plant flowering rush neamd. De plant tiert dêr te goed.

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory fan Wikimedia Commons.
license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Swannepopel: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src= swannepopel  src= blom fan de swannepopel