dcsimg

Grûniikhoarntsjes fan de Alde Wrâld ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De grûniikhoarntsjes fan de Alde Wrâld of soeslikken (wittenskiplike namme: Spermophilus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini), de ûndertûke fan 'e echte grûniikhoarntsjes (Spermophilina) en it boppeskaai fan 'e echte grûniikhoarntsjes (Spermophilus). Ta dit skaai hearre 15 ûnderskate soarten út Jeraazje. Foarhinne waard dizze groep as in ûnderskaai fan 'e echte grûniikhoarntsjes beskôge, mar by in reorganisaasje hat er yn 2007 erkenning as in selsstannich skaai krigen.

De grûniikhoartsjes fan de Alde Wrâld wurde ek wol soeslikken of soesliks neamd, in oantsjutting dy't ôflaat is fan it Russyske суслик, suslik. De wittenskiplike namme, Spermophilus, kin oerset wurde as "dy't fan sieden hâldt". De oanwêzigens fan echte grûniikhoarntsjes wurdt troch minsken faak net wurdearre, mei't de bistkes sykten (yn teory sels de pest) ferspriede kinne, en om't se huzen ûndermynje mei har gegraaf. Hoewol't se wol klimme kinne, bringe se selden in soad tiid yn beammen troch.

Soarten

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Grûniikhoarntsjes fan de Alde Wrâld: Brief Summary ( Western Frisian )