dcsimg

Sibearyske lemming ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De Sibearyske lemming (Latynske namme: Lemmus sibiricus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), de tûke fan 'e lemmings (Lemmini) en it skaai fan 'e echte lemmings (Lemmus), dat foarkomt yn noardlik Jeropeesk Ruslân en Sibearje.

Uterlike skaaimerken

De Sibearyske lemming hat trochinoar in kop-romplingte fan 12-15 sm, mei in sturtlingte fan 1-1½ sm en in gewicht fan 45-150 g. Hy hat in stomp snútsje, lytse, behierre earen en in koart sturtsje. It hiele lichem is oerdutsen mei in tsjûke, tichte pels.

 src=
Ferspriedingskrite fan de Sibearyske lemming.

Hâlden en dragen

Sibearyske lemmings hâlde gjin wintersliep, mar bringe de winter troch yn komplekse gongestelsels dy't se ûnder de snie grave. Dat dogge se yn wat mear besmoute leechlân, wylst se de simmer trochbringe op heger leine rûge gerslannen en feanheiden. Se frette foar it meastepart plantaardich guod, lykas moas, siggen en oare krûden en sêfte twiichjes. Fûgelaaien litte se lykwols ek net stean.

Hoewol't Sibearyske lemmings bekend steane om har massale migraasjes, binne dy sa spektakulêr net as dy fan har nauwe sibbe, de berchlemming (Lemmus lemmus). Sokke migraasjes wurde feroarsake troch skommelings yn populaasjetichtheid, dy't wer fuortkomme út 'e flugge fuortplanting fan 'e Sibearyske lemming. Wyfkes meitsje nêsten fan gers en hier en smite nei in draachtiid fan 18 dagen in nêst dat út wol 12 jongen bestean kin. Dy jongen binne yn in moanne geslachtsryp, en ûnder geunstige omstannichheden kinne Sibearyske lemmings har it hiele jier rûn fuortplantsje. Har wichtichste natuerlike fijannen binne de snie-ûle, de poalfoks en ferskate soarten martereftigen.

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Sibearyske lemming: Brief Summary ( Western Frisian )