dcsimg

Fjildlyster ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De Fjildlyster (Turdus pilaris) is in fûgelsoarte út de famylje fan de lysterfûgels.

Oare nammen

De fljildlyster wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: fjildbok, fjildmantsje of skaarlyster.

Foarkommen

De fjildlyster is ien fan de gruttere lysterfûgels en is likernôch 25 sm grut, hast like grut as de Klyster. It mantsje en wyfke binne gelyk, nekke en kop binne griis. De rêch is brún en de búk en it boarst binne ljochter mei brune plakken, fierder hat er op in part fan syn boarst en kiel oranje fearren.

Fersprieding

It briedgebiet fan de fjildlyster lei yn de 19e iuw foaral yn de bosken fan Noard-Jeropa en Sibearië. Sûnt dy tiid hat er syn briedgebiet nei it súdwesten útwreide en no heart ek de midden fan Jeropa lykas Dútslân en Poalen derby. It is in echte trekfûgel. Winterdeis is er ek yn it suden en westen fan Europa te finen, ek yn Nederlân. Yn de winter foarmje se faak grutte kloften, geregeld mei readwjukken.

Iten

De fjildlyster yt bynammen ynsekten en wjirms. Winterdeis ite se meastentiids beien. Lykas de klyster hipket de fjildlyster oer de grûn op 'e siik nei iten. Sa no en dan hâldt er dêr mei op en pikt er yn 'e grûn.

Fuortplanting

De fjildlyster makket syn nêst yn in beam. Foar de beskerming tsjin krieën en eksters briede se yn lytse koloanjes. As der in rôfdier yn 'e buert fan de nêsten komt wurdt er troch de fjildlysters mei stront bekûgele.
Yn maaie leit it wyfke 5-6 aaien. Nei in dei of 12 brieden komme de aaien út en it duorret noch sa'n skoft foar't de jongen útfleane.

Oars noch

Eartiids waarden de fjildlysters yn grutte tallen fongen en iten.

Sjoch ek

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Fjildlyster: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De Fjildlyster (Turdus pilaris) is in fûgelsoarte út de famylje fan de lysterfûgels.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren