De feereager (bubulcus ibis) is in lytse wite reager-soarte.
Oarspronklik komt de soart út Afrika. De ûfrûne 50 jier hat de soarte him lykwols ferspraat oer oare kontininten, Aazje, Amerika, Austraalje en Súd-Europa (it suden fan Spanje en Portugal). Ut Nederlân (meast út Seelân, Súd-Hollân) en Belgje (West- en East-Flaanderen) binne fan de lêste jierren hûnderten waarnimmingen bekend.
De feereager is sa'n 50 cm en bewennet swietwettersompen, kultuerlân en greide.
De fûgel hat syn namme te tankjen oan it feit dat er faak yn lytse kloften by weidzjend fee tahâldt. It fee jaget faak ynsekten, kikkerts, mûzen en oare bistkes dy't de reager graach mei, út harren skûlplak.
Feereagers nestelje faak yn it selsip fan oare reagersoart. Yn it briedseizoen kriget de feereager in skaaimerken dy't er oars net hat; oan de toef, op de rêch en op it boarst binne dan in tal lange isabelkleurige sierfearren te sjen binne. Ek de poaten en de snaffel krije dan in wat djipper readige kleur.
De feereager komt algemien foar yn de kuststreek fan Suriname, hjit yn it Sranan sabaku en hat fanwegen syn populariteit model stien foar it logo fan de Surinaamske Loftfeart Maatskippij.